Basisskoalle Nes stiet faai

© Omrop Fryslân
De iennichste basisskoalle fan it doarp Nes yn Dongeradiel driget te ferdwinen troch in tekoart oan bern. Om jild fan it ryk te krijen moat in skoalle 23 learlingen hawwe. Kristlike basisskoalle de Tarissing hat no noch mar 26.
Om bestean bliuwe te kinnen, moatte der alle jierren seker trije bern nij op skoalle bykomme. Oars moatte de Nesser bern nei skoallen yn doarpen fierderop. Dy soene dêr mooglik wol bliid mei wêze.