Legionella fûn yn 'e Blauwe Golf

23 jun 2004 - 09:30

De legionella baktearje is oantroffen yn de dûsjes fan swimbad de Blauwe Golf yn Ljouwert. De baktearje kin longûntstekking feroarsaakje. Alle dûsjes binne sûnt ôfrûne freed ôfsletten foar publyk. Der wurdt oan wurke om de besmetting te bestriden. At de baktearje dêrnei net mear oantroffen wurdt, kinne de dûsjes wer brûkt wurde. Neffens ferwachting sil it oer 14 dagen sa fier wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)