Cambuurshirts mei spilersnammen

© Omrop Fryslân
Cambuur spilet kommend seizoen yn in shirt fol mei sponsornammen en logo's. As earste klub yn de earste divyzje steane ek de nammen fan de spilers op de rêch. Yn it jubileumjier is ek romte foar it logo fan de adelike famylje Van Cammingha.
Op de achterkant fan it shirt stiet de namme fan sponsor NGC út Bûtenpost. Op de mouwen en de broek stiet it logo fan Ekspedysje Ljouwert. Dit projekt hat as doel Ljouwert bekender te meitsjen.