Nije staveringshifker Frysk

21 jun 2004 - 00:00

De nije Fryske staveringshifker foar de kompjûter foarsjocht yn in grut ferlet. It helpmiddel is del te heljen op de ynternetside fan 'e Fryske Akademy. Nei berjochten yn 'e media is de site troch tsientûzenen ekstra minsken besocht.

De staveringshifker is ek op cd-rom te krijen. Dy waard moandei yn Ljouwert offisjeel oerlange oan deputearre Mulder. De nije staveringshifker is gaadlik foar Windows XP. De presintaasje wie op Piter Jelles Junior.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)