FNP tsjin ferljochte fytspaad

21 jun 2004 - 00:00

De FNP yn Ljouwert wol net dat der lampepeallen komme by it fytspaad Ljouwert-Marsum del. It Ljouwerter kolleezje wol it paad ferljochtsje foar de feiligens. Mar de lampen komme te ticht op de dyk te stean en útwikende auto's soene der tsjinoan ride kinne, fynt de FNP.

De wei leit foar in part yn 'e gemeente Menameradiel. Op dat stik dyk stean al lampepeallen. Ek binne dêr beammen omkapt en de bjirmen opkreaze.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)