Brânwacht wol mear foech ha

21 jun 2004 - 00:00

De brânwacht wol sels de help ynroppe kinne fan korpsen fan bûten de regio by in ramp. No moat dêr noch tastimming foar frege wurde oan de boargemaster fan de gemeente. Sels it einfoech hawwe liedt ta doelmjittiger wurkjen, sa fynt de brânwacht.

De brânwacht praat tongersdei mei de Fryske boargemasters. Boargemaster Peter de Jonge fan It Hearrenfean hat oan't no ta as iennige witte litten syn foech net kwyt te wollen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)