Trio V.d. Meer wint yn St Jabik

© Omrop Fryslân
It partoer Rutmer van der Meer, Michel van der Veen en Chris Wassenaar hat snein it haadklasse keatsen yn Sint Jabik wûn. Se wûnen yn de finale mei 5-1 en 6-6 fan it partoer Simon Minnesma, Karel Nijman en Folkert van der Weij.
Michel van der Veen spile yn plak fan André Kuipers, dy't blessearre wie. De tredde priis wie foar it partoer Klaas Berkepas, Dirk Jan van der Woud en Auke van der Graaf.