Vd Berg en Linders net nei Atene

20 jun 2004 - 00:00

Under foarbehâld fan eventuele rjochtssaken hat turnster Laura van Leeuwen har snein by it NK turnjen pleatst foar de Olympyske Spullen yn Atene. Berber van den Berg en Loes Linders ha dus plak foar har meitsje moatten. Van Leeuwen wûn de striid troch op de brêge 9,512 te skoaren.

Van den Berg en Linders foldienen op oare ûnderdielen ek oan de noarmen, mar har prestaasjes foelen yn in ûnderlinge ferliking mei Van Leeuwen negatyf út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)