Stúdzjefûns Snits-Kurobe (Japan)

20 jun 2004 - 00:00

De gemeente Snits moat mei de Japanske stêd Kurobe in stúdzjefûns ynstelle. Dat wol de VVD yn de gemeenteried fan Snits. Mei it jild út dat fûns moat der in útwikseling op gong komme fan studinten út Snits en Kurobe.

De twa stêden ha in freonskipsbân mei inoar. Der is al jild dat yn it potsje kin. De VVD stelt foar om it jild dat oerbleaun is nei it opheffen fan it Sneker Studiefonds deryn te dwaan. Tiisdei wurdt der fierder oer praat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)