150 frachtauto's troch Ljouwert

19 jun 2004 - 00:00

De sjauffeursferiening Fryslân ried sneon fanwege it twintichjierrich bestean mei 150 frachtweinen dwers troch it sintrum fan Ljouwert. Fanwege dat jubileum woene de sjauffeurs de moaiste frachtweinen oan it publyk sjen litte. Dat soarge hjir en dêr foar in pear opstoppinkjes.

De sjauffeursferiening Fryslân is mei 400 leden de grutste fan Nederlân. It feest fan 'e feriening yn it FEC luts in soad minsken út hiel Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)