René van Kaam wint Leijenloop

19 jun 2004 - 00:00

René van Kaam fan Marrum wûn sneon de Leijenloop mei start en finish yn De Pein. De Marrumer waard ferline wike noch njoggende yn 'e Slachtemarathon, mar wie no blykber al wer foldwaande bekommen om de heale maraton yn 1.16,18 te rinnen. Huib-Jan Imbens fan Wurdum hie 7 minuten en 20 tellen langer nedich en waard twadde.

By it Nederlânsk Kampioenskip berchrinnen yn 'e Ardinnen waard Klaas Jan Hofstra fan Appelskea twadde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)