Wiet berne-iepenloftspul

© Omrop Fryslân
De reinklean wiene freed meinaam nei de premjêre fan it Iepenloftspul fan Easterwierrum. En dat wie nedich, want by de earste foarstelling fan 'De fyfde dei' foel der noch al wat wetter.
De fyfde dei is in stik dat Mindert Wynstra spesjaal skreau, oer bern dy't inoar fertinke fan dieverij. It wurdt de kommende dagen noch fiif kear spile. Foar in tal foarstellings binne noch kaarten.