Jild foar restauraasje mûne

© Omrop Fryslân
It duorret net lang mear ear't de Grouster Keapmansmûne op it eilân de Burd restaureard wurde kin. It grutste part fan it jild dêrfoar is tasein troch it Ryk. It giet om mear as twa ton.
Dat sei wethâlder Jonkers fan Boarnsterhim freed by it yn gebrûk nimmen fan de Mellemûne. Dy Akkrumer mûne is krekt restaureard en ferhuze fan bedriuweterrein Spikerboor nei in bettere lokaasje oan it Deel.