Oerol: oerlêst troch rein

© Omrop Fryslân
It minne waar hat gefolgen foar it Oerol-festival op Skylge. Freedtejûn binne troch it minne waard in tal foarstellings ôflast. Sa'n 400 minsken binne dêrtroch dupearre.
Sneon binne der net in soad ekstra minsken nei Skylge ôfset. Doeksen set snein ekstra boaten yn foar de weromfaart nei Harns en ferwachtet it dêrmei te rêden. As it nedich is hat Doeksen de mooglikheid om noch mear boaten yn te setten.