Nij pân Jouster wenningstifting

© Omrop Fryslân
Wenningstifting Haskerland hat in nij ûnderkommen. De wenningstifting ûntfangt har besite fan moandei ôf yn in nij gebou fan hast hast fiif miljoen euro, yn it sintrum fan De Jouwer. De stifting sil kommend jier fuseare mei in tal oare kollega's yn de A-7 sône.
Wethâlder Hemmes fan Skarsterlân iepene it nije gebou yn it Jouster sintrum sneontemoarn. In soad relaasjes, mar ek in opfallend grut tal hierders kaam ôf op dy iepening.