'Kameleon' siket famkes-twilling

19 jun 2004 - 00:00

Produsint Steven de Jong siket foar de teaterfoarstelling fan De Kameleon in famkes-twilling. Foar it stik is in ienaaiïge twilling fan ûngefear 15 jier nedich.

Koen en Jos van der Donk, Hylke en Sytse yn de film De schippers van De Kameleon, spylje ek yn it teaterstik. De foarstelling hjit Kameleon Ontvoerd en is fan novimber ôf yn it hiele lân te sjen. Der komt ek in ferfolch op de Kameleonfilm.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)