Mitselwier: de Skûle iepene

© Omrop Fryslân
Yn Mitselwier is freedtemiddei it nije multifunksjonele wen- en soarchsintrum de Skûle iepene. De bou hat 2,5 jier duorre en 8 miljoen euro koste. It sintrum biedt plak oan âlderensoarch, in pjutteboartersplak, doarpsbelang en thússoarch. Der soe ek in supermerk yn komme, mar dat is net slagge.
Op it plak fan 'e winkel binne no twa apparteminten boud. It gebou is mei sin multifunsjoneel om sa de âlderein by de mienskip te belûken.