Kanadees wol JKRowling.nl

18 jun 2004 - 00:00

Der is in twadde gadingmakker foar de domeinnamme www.jkrowling.nl, dy't no yn it besit is fan 'e 22-jierrige Drachtster Johan Hamstra. Neist de bekende skriuwster J.K.Rowling fan 'e Harry Potterboeken is der no ek in Kanadees mei de namme John Krowling, dy't de domeinnamme fan Hamstra ha wol.

Hamstra liet de domeinnamme in skoftke lyn registrearje en is yn ûnderhanneling mei de skriuwster. It kin no op in rjochtsaak útdraaie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)