Salon hat skjinste terras

18 jun 2004 - 00:00

De Salon yn Ljouwert hat freed in priis krige foar 'it skjinste terras fan Ljouwert'. De priis waard útrikt troch boargemaster Dales en de direkteur fan Fryslân Miljeu. Neffens de sjuery stekt De Salon mei kop en skouders boppe de oare terrassen út.

De Salon hat de stoepe al rom foardat de gemeentereiniging moandeitemoarns delkomt. Mei de priis wolle de inisjatyfnimmers bydrage ta in skjinnere binnenstêd fan Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)