Oerol: ride mei drank op

18 jun 2004 - 00:00

It tal minsken dat by it Oerolfestival op Skylge mei drank op rydt is heech. De plysje hat dizze wike oan ta al fiif minsken op 'e bon slingere fanwege riden mei tefolle drank. Neffens Jorritsma fan 'e plysje op Skylge is dat folle mear as op oare drokke dagen.

Under de ferbalisanten fan dizze wike wiene ek twa meiwurkers fan Oerol. Der binne op dit stuit fanwege it grutte tal Oerolgongers fjouwer plysjeminsken op it eilân yn plak fan twa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)