Nijbou foar Piter Jelles Nijlân

18 jun 2004 - 00:00

Skoallemienskip Piter Jelles bout in nije VMBO-skoalle yn de wyk Nijlân yn Ljouwert. Dêrfoar wurde de âlde MAVO Nijân, de Bakkerij-en Hoarekafakskoalle en de LTS sloopt. De nije skoalle moat yn 2006 klear wêze.

De trije besteande skoalgebouwen binne yn de jierren '60 boud. Se passe neffens direkteur Sprengers net mear by it beropsûnderwiis fan dizze tiid. It ûntwerp fan 'e nije skoalle komt fan arsjitekt Rauw út Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)