Oppasse foar massatoerisme

© Omrop Fryslân
De Súdwesthoeke moat it massatoerisme bûten de doar hâlde. Dat sei direkteur Henk Deinum fan Korporaasjeholding Fryslân by de iepening fan Expo 2004 yn Warkum. As minne foarbylden neamde er Zandvoort en Scheveningen.
De Korporaasjeholding is sûnt in jier aktyf yn Nijefurd en hat der alle belang by dat it in goed wengebiet bliuwt. Dat soe troch massatoerisme yn gefaar komme kinne. It is noch ûndúdlik wat it Ryk mei de streek wol.