Dúnbrân op It Amelân

© Omrop Fryslân
Op it Amelân hat tongersdei in dúnbrân west. De begroeiing fan in stripe dunen by it Noardseestrân is dêrby ôfbaarnd. It giet om in stik fan 10 hektare by it Noardseestrân del, tusken Ballum en Nes.
De brân is oanstutsen troch in jonkje fan 10 jier dy't mei fjoer boarte. Hy hat noch besocht om sels it fjoer út te krijen. Mar troch de hurde wyn slagge dat net. De brânwacht en eilânbewenners krigen it fjoer wol út.