'Dokkum kin mear supermerken ha'

© Omrop Fryslân
Yn Dokkum is plak foar mear en gruttere supermerken. De besteande winkels kinne útwreidzje en ek foar in nijenien is romte. Dat docht bliken út in ûndersyk dat tongersdei yn 'e riedskommisje presintearre waard.
B en W fan Dongeradiel binne foar mear supermerken yn Dokkum. De eigner fan de C1000 is it dêr net mei iens. Yn augustus praat de polityk yn Dongeradiel fierder oer de útwreiding fan de supermerken yn Dokkum.