Grutte ferkearskontrôle op A7

© Omrop Fryslân
By in grutte kontrôle op de A7 by Koarnwertersân binne tongersdei goed tachtich bekeurings útdield. Mear as sânhûndert auto's en frachtauto's moasten hohâlde. De boetes wiene ûnder oare foar riden sûnder rydbewiis, te hurd riden en foar it ferfieren fan gefaarlik ôffal.
De kontrôle waard útfierd troch de plysje, de dûane, Rykswettersteat en ferkearsfeiligens-organisaasje 3VO. Sechstich meiwurkers diene mei.