Plysje-ynfal seksklubs H'fean

18 jun 2004 - 00:00

De plysje hat tongersdei in ynfal dien yn twa seksklubs op It Hearrenfean. By dy aksje waard mar ien yllegaal ferbliuwend famke fûn en ien fertocht paspoart yn ûntfangst nommen. De seksklubs wurde strang kontrolearre op de froulju dy't dêr wurkje. De plysje tinkt dat dizze oanpak fertuten docht.

Fan 1 septimber ôf meie prostituées fan bûten de Europeeske Uny hjir net mear wurkje. Oft dy froulju dan ek echt út de prostitúsje geane is ôfwachtsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)