Haanstra wint yn Grypstsjerk

18 jun 2004 - 00:00

Klaas Haanstra fan Warkum ljepte tongersdeitejûn it fierst yn Grypstsjerk: 17 meter en 25 sentimeter. By de froulju gie de oerwinning nei Antke van der Wal, dy't in thúswedstriid ljepte: 14 meter 73.

By de junioaren makke Hannes Scherjon fan Noardburgumop 'e nij yndruk. Hy sprong 17 meter 55, en dat is in stik fierder as Haanstra. By de jonges wûn Bart Holtrop fan Winsum mei in sprong fan 15 meter 42.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)