Opinywizer foar Frysk ûnderwiis

© Omrop Fryslân
Personiel fan skoallen en âlden mei bern kinne fan tongersdei ôf meidwaan oan de opinywizer foar it Frysk basisûnderwiis. Dy opinywizer stiet op de ynternetside fan de provinsje Fryslân en bestiet út 30 fragen oer it ûnderwiis op de basisskoalle.
In spesjale wurkgroep fan Fryske steateleden wol de antwurden en advizen brûke by har ûndersyk nei de efter- stannen yn it Frysk basisûnderwiis. Ein septimber wurde de útkomsten bekend.