Nije bouplannen foar Skier

17 jun 2004 - 00:00

Foar it nije ûnderkommen fan de gemeente en de plysje op Skiermûntseach lizze twa nije foarûntwerpen klear. Arsjitekt Gunnar Daan hat de ûntwerpen woansdei presintearre oan de ried. De plannen geane út fan nijbou oan it besteande gemeentehûs fêst.

Oer it nije ûnderkommen fan gemeente en plysje hat in soad te dwaan west. In earder plan waard ynlutsen fanwege de kosten. De plysje drige doe mei in rjochtsaak om de bou ôf te twingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)