Friezen yn Ster Elektrotoer

© Omrop Fryslân
De Belch Tom Boonen wûn woansdeitejûn de prolooch fan de Ster Elektrotoer. Nei 4,8 kilometer yn Veldhoven wie hy krekt rapper as de Dútsers Jens Voigt en Robert Bartko.
Tusken de beropshurdfytsers ride ek twa Fryske amateurs. Germ van der Burg fan Folsgeare waard 66ste op 22 tellen fan de winner. Marcel Beima fan Hurdegaryp hie in achterstân fan 40 tellen op Boonen en waard 135ste. De Ster Elektrotoer duorret oant en mei snein.