Net mear breidzje yn Steateseal

16 jun 2004 - 00:00

Fryske steateleden meie fan kommissaris fan de keninginne Ed Nijpels by fergaderingen net mear breidzje. Steatelid Pytsje de Graaf fan de FNP makke by steategearkomsten en SNN- fergaderingen geregeld Noarske sokken.

Nijpels hat oanjûn dat er mear rêst yn de Steateseal ha wol. Neffens De Graaf giet goed oplette en breidzje goed mei inoar. Kollega-steateleden hiene al sokken by har besteld. Wurkje op in laptop en ite en drinke is ek ferbean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)