Swart nije boargemaster Skier
Bert Swart is beneamd ta boargemaster fan de gemeente Skiermûntseach. Syn beneaming giet yn op 1 july 2004. Swart (47 jier) is lid fan it CDA en wie fan 1998 ôf wethâlder en loko-boargemaster fan Winsum (Grinslân).
Swart folget Fennema fan de PvdA op dy't mei yngong fan 1 novimber 2003 beneamd is ta boargemaster fan Súdhorn (Grinslân).