Legere straffen foar berneporno

© Omrop Fryslân
De rjochtbank yn Arnhem hat fiif leden fan in pedofilenetwurk folle legere straffen oplein as it iepenbier ministearje easke. Se binne feroardield ta finzenisstraffen fan 8 moanne oant 3 jier fanwege ûntucht mei minderjierrige jonges en it fersprieden fan berneporno.
Allinnich in 34-jierrige Kollumer krige njonken selstraf ek tbs mei twang- ferpleging oplein. De manlju waarden frijsprutsen foar it organisearjen fan seksreizen nei Tunesië.