Ferbou nij ûnderkommen HCL

16 jun 2004 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De ferhuzing fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert, it HCL, nei de Grienewei moat 5,8 miljoen euro kostje. Foar dat jild wurdt it âlde Omrop Fryslân-gebou dêr't no it bestjoerssintrum fan de gemeente sit, geskikt makke foar it HCL.

In lyts part fan it gebou bliuwt mar stean en der wurdt in grut stik nijboud. It HCL sit no yn de Grutte Tsjerkstrjitte. Fer- en nijbou op dat plak waard folle djoerder as earst tocht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)