Alde plafondskilderingen fûn

© Omrop Fryslân
Plafondskilderingen út de 17e ieu binne oan it ljocht kaam yn in wente oan it Havenkwartier yn Harns. De bewenner, byldzjend keunstner Jan Roos die de ûntdekking. Saakkundigen ha befestige dat it om in bysûndere fynst giet.
It is in skildering fan in 'acanthusplant' fan 20 kante meter. Yn Fryslân binne sokke skilderingen inkeld bewarre yn it Haersmahûs en yn keramykmuseum Prinsessehof yn Ljouwert. Mooglik krijt it hûs in monumintestatus.