FNV achter personiel Noordned

16 jun 2004 - 00:00

It fakbûn FNV wol dat Hoekzema oansteld wurdt as folweardich direkteur fan Noordned. It personiel fan Noordned hat al sein dat se nei de rjochter stappe sille as direkteur Braam it iennichste oansprekpunt bliuwt.

It konflikt mei direkteur Braam spilet no al wiken. It personiel wol dat Braam opstapt om't er syn ôfspraken net nei- komt en net te fertrouwen is. Hoekzema is delegeard bestjoerder en de ried fan Kommissarissen wol dat net feroarje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)