Fikse boete NMa foar Witteveen

15 jun 2004 - 00:00

It bedriuw Witteveen Daktechniek Noord út Drachten hat in boete krigen fan 26.000 euro fanwege it meitsjen fan priisôfspraken. De NMa hat dat bekend makke. It bedriuw hat mei oare bedriuwen ôfspraken makke oer saneamde rekkenfergoedings.

Neffens de NMa giet it om swiere oertredings fan de mededingingswet, benammen om't it bedriuw wist dat it meitsjen fan ditsoarte ôfspraken ferbean is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)