PSV wol Gerald Sibon ha

© Omrop Fryslân
De kâns is grut dat spits Gerald Sibon fan SC Hearrenfean dizze wike in kontrakt tekenet by PSV. Neffens de Brabânske parse is de ûndertekening no tongersdei. Sibon mei foar 750.000 euro fuort en dat is foar PSV gjin probleem.
As Sibon nei PSV giet komt Klaas Jan Huntelaar nei Hearrenfean. Huntelaar is mei 26 goals topskoarder fan de earste divyzje. Hy spilet no midfoar by AGOVV, mar is eigendom fan PSV. Huntelaar is 21 jier.