Hûs en Hiem draait mei ferlies

15 jun 2004 - 00:00

Wolstânskommisje Hûs en Hiem hat foar it earst mei ferlies draaid. Der stiet in tekoart fan 113.000 euro op de jierrekken fan 2003. Troch de ekonomyske delgong binne der minder oanfragen.

Om't it gat net mei de reserves op te fangen is, wol Hûs en Hiem besunigje op de húsfestings- en personielskosten. Mooglik moatte ek de wolstânstariven omheech. Dat soe sa wêze as it tal oanfragen net tanimt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)