Boartsje by spoar gefaarlik

15 jun 2004 - 00:00

Skoallen moatte bern der op wize dat se net by it spoar boartsje meie. Neffens ProRail, de behearder fan de spoarrails bart it benammen yn de simmer hieltyd faker dat bern by it spoar boartsje. Dat kin foar libbensgefaarlike situaasjes soargje.

De organisaasje hat no in foar- ljochtingsaksje op tou set wêrby't 1200 skoallen in ynformaasjepakket krije. Underwizers en âlden kinne mei dy ynformaasje de bern op de gefaren wize.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)