EK: Súkses foar Edman en Allbäck

15 jun 2004 - 00:00

Hearrenfean-spiler Erik Edman wie moandei mei it Sweedske alvetal tige súksesfol tsjin Bulgarije. De Sweden wûnen mei 5-0. Erik Edman joech yn 'e twadde helte de foarset, dêr't Larsson 2-0 út skoare koe.

Ajax-spiler Ibrahimovic skoarde 4-0 út in penalty en waard dêrnei ferfongen troch Marcus Allbäck. Yn blessueretiid skoarde Allbäck noch 5-0 út in assist fan Henke Larsson. In 5-0 oerwinning komt net faak foar op in EK.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)