Sikehûs hat website oer kanker

15 jun 2004 - 00:00

Pasjinten fan it Antonius sikehûs yn Snits dy't te hearren krije dat se kanker hawwe, kinne fan tongersdei ôf foar ynformaasje terjochte op spesjale kompjûters. Op de kompjûters draait in ynterne website dêr't pasjinten wichtige telefoannûmers fan pasjinte- organisaasjes fine kinne en dêr't ek behannelings útlein wurde.

It Antonius sikehûs sjocht de website as in ekstra service neist folders en ynformaasje fan de dokter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)