Fernielers aktyf op Oerol

© Omrop Fryslân
Twa bylden fan de Frânske keunstner Remy Polak binne dit wykein fernield. It giet om twa poppen fan skomrubber dy't fanwege it Oerolfestival op Skylge delset binne. Fan de iene pop is in foet lutsen, fan de oare in folsleine skonk. De plysje hat ien persoan oanhâlden foar de fernielings.
De organisaasje hopet dat it by dit ynsidint bliuwt. Op it Oerolfestival rint bewaking om en ek de plysje hâldt tafersjoch.