Kringloopwinkels moatte ophâlde

© Omrop Fryslân
De kringloopwinkels yn Burgum en Easterwâlde gean ticht. De stifting Leerwerkbedrijven sjocht gjin mooglikheden mear foar de winkels. De stichting is ûnderdiel fan re-yntegraasjeburo Reax, dat minsken helpt by it finen fan in baan.
Troch de sluting ferlieze fyftjin fan 'e 35 wurknimmers harren baan. De reorganisaasje is nedich fanwege de legere omset. Dat komt om't minsken minder guod nei de winkel ta bringe.