'Easterbierrum min finishplak'

14 jun 2004 - 00:00

Easterbierrum is net geskikt as finish foar de Slachtemaraton. Dat fynt de plysje. De lytse dykjes koene de drokte net oan, mei as gefolch in grutte ferkearsgaos. Sa moasten de dielnimmers nei oankomst oeren op de bus wachtsje.

De organisaasje wol Easterbierrum net daliks ôfskriuwe. Earst moat der in evaluaasje komme. Oer fjouwer jier is der wer in Slachte en dan is de finish yn Raerd. Dat doarp en Easterbierrum wikselje inoar ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)