Fermiste fisker fûn

14 jun 2004 - 00:00

It lichem fan de fermiste garnalefisker fan in kotter út it Dútske Greetsiel is moandei fûn by it Dútske eilân Borkum. Dat hat de foarsitter fan it Nederlânsk Fiskersbûn moandei bekendmakke.

De man sloech oerboard nei in oanfarring mei in Urker kotter. Dat barde by de mûning fan de rivier de Eems yn 'e Waadsee. It Dútske skip sonk, wêrby't twa oare opfarrenden rêden waarden. Fyftich fiskersskippen setten in sykaksje op tou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)