Nij gefal fan berneporno

© Omrop Fryslân
Justysje fertinkt in 33-jierrige man fan It Hearrenfean fan it yn besit hawwen en fersprieden fan berneporno. De saak is no earst nei bûten brocht. Begjin juny binne by in hússiking by de man thús 10 tûzenen foto's en filmkes yn beslach nommen. De rjochtbank hat op 9 juny bepaald dat de man fanwege it ûndersyk tritich dagen fêstsitte moat.
Ferline wykein waard yn Wynjewâld ek al in man oanhâlde foar berne-porno. Dy man is skoalmaster yn it doarp.