Nijpels wol mear ryksstipe Oerol

13 jun 2004 - 00:00

It ryk mei it Oerol-festival net yn 'e steek litte as it giet om it jaan fan mear subsydzje. Dat fynt Kommissaris fan 'e Keninginne Ed Nijpels. Hy ropt steatssiktaris Medy van der Laan fan Kultuer dan ek op om mei ekstra jild oer de brêge te kommen om it festival te mjitte te kommen.

De provinsje hat de subsydzje foar Oerol mei 36.000 euro ferhege. It ryk soe dat ek dwaan moatte, sa fynt Nijpels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)