Hoekstra wint ljepperij Winsum

© Omrop Fryslân
It fierljeppen yn Winsum waard sneon ferrassend wûn troch Ale Hoekstra fan Burgum. Syn winnende sprong wie 16 meter en 73 sentimeter. Bart Helmholt koe yn Winsum net meidwaan fanwege in blessuere.
By de froulju wûn Antke van der Wak yn 14 meter 06. Thomas Helmholt wie de sterkste junior mei 16 meter 57. By de jonges ferraste de 14-jierrige Jacob Scherjon fan Burgum mei in persoanlik rekord fan 15 meter 90.