Pieter Weening yn Switserlân

© Omrop Fryslân
Pieter Weening fan De Harkema is sneon begûn oan de Ronde fan Switserlân. Yn 'e earste etappe enige Weening yn it peleton. Dat peleton hie in efterstân fan goed 18 minuten op in kopgroep fan 35 man. Jan Ullrich wûn de etappe. Weening wol him benammen sjen litte yn 'e swiere berchetappes dy't noch komme en rydt net foar it klassemint.
By it OZ Wielerwykein yn Seelân dogge de Friezen it aardich. Germ van der Burg stiet 7de yn it klassemint.